Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Lân fan taal.

Jins taal fiere yn in frijsteat. Dat is it útgongspunt fan Lân fan taal.

Feest fan taal!

Tuesday 9 October 2018


Hiel 2018 is Lân fan taal al in frijsteat foar álle talen fan de wrâld. Wy fiere de taal mei – meastentiids fergees tagonklike – festivals, projeksjes, eksposysjes en aktiviteiten. Lân fan taal is ek ûnderdiel fan de Re-Opening fan LF2018 en hat in moai programma yn novimber!

Meikoarten

Doe’t Bretaal nei Meartalië kaam

In healwize meartalige musical foar groep 8, mei elektryske GiTaal, dêr’t de misbegripen dy om de earen fleane en dêr’t al dy Meartaliaanske bern ek noch yn mei bepale meie hoe it begjint/ôfrint/gaos. Skreaun en komponearre troch Peter Sijbenga en fergees te downloaden/brûken troch alle skoallen, as kadootsje fan Lân fan taal!

Programma Minyfestival kompleet

Thursday 27 September 2018


Op freed 5 oktober giet de 4e en lêste projeksje op de Aldehou yn premjêre. Om dit te fieren organisearje Lân fan taal en Explore the North in minyfestival op 5 en 6 oktober. Besjoch no it fergees tagonklike programma!

Bliuw op de hichte

Noordelijk Film Festival

De re-iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018 giet begjin novimber los mei de 39ste edysje fan it Noordelijk Film Festival. Fansels kinst wer genietsje fan ûnder oare geweldige spylfilms, ynteressante dokumintêres en lokaal talint. Op it festival stiet fan ’t jier ek taal yn ‘e skynwerpers.

Uterje dysels

Jan Minno Rozendal mei Oare Wurden nei Masedoanië

Friday 14 September 2018


​Histoarikus en publisist Jan Minno Rozendal is troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Masedoanië. Fan de twa ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Rozendal it sterkst. Hy reizget nije wike ôf nei de Masedoanyske stêd Bitola foar in ferbliuw fan acht wiken.

nijs |  

Lit dyn taalspoar achter

Mear aktiviteiten

De measte aktiviteiten op ús aginda falle ûnder in spesifyk projekt fan ús of ien fan ús partners. Mar, der binne ek aktiviteiten dy’t hjir los fan stean en dy’t wy dochs graach ûnder jimme oandacht bringe yn Lân fan taal. Dy aktiviteiten fynst hjirûnder. Gean foar in oersjoch fan álle aktviteiten yn Lân fan taal […]

Lit taal libje

Stimmen: wittenskip (lêzingen)

Haadprogramma

Yn 2018 organisearje Ryksuniversiteit Grins en Lân fan taal seis kear in populêrwittenskiplike lêzing, wêrby taal sintraal stiet. Hieltyd op tiidsdeitejûn fan 20.00-21.00 oere yn Obe. Fergees tagonklik, mar oanmelde is wol ferplicht.

Besykje om elkoar te ferstean

Heldere taal

Wat foar ynfloed hat ‘laaggeletterdheid’ op it libben fan immen? De teaterfoarstelling Heldere Taal, mei yn de haadrol minsken dy’t ‘laaggeletterd’ binne moat it bewust wurden fergrutsje.

Lês tusken de rigels troch

Zinspinsels

De bekende berneboekemakker Charlotte Dematons tekene yn opdracht fan de Fryske biblioteken en Lân fan taal de fertelplaat ‘Zinspinsels’. De plaat lit yn tekst en benammen byld sjen wat taal allegearre is. De Fryske biblioteken bringe de plaat-yn-posterfoarm yn ’e hjerst fan 2018 nei de goed 56.000 basisskoallelearlingen yn Fryslân.